Skiednis fan it Begraafplak op ’e Heide
Hunderdsechstich jier lyn yn 1866 naam de Earmfâldij fan Twizel it beslút om op ’e Heide in begraafplak oan te lizzen. Fjouwer jier letter yn 1870 waard it begraafplak oanlein. Fan dy tiid ôf koe men hjir offisjeel begroeven wurde. Of dêrfoar ek in mooglikheid wie om op de Heide begroeven te wurden is ien twa trije net te efterheljen. Earst op 25 juny 1946 gie it eigendomsrjocht fan Algemeene Armvoogdij van Optwijzel of Burgerlijk Armbestuur gemeente Achtkarspelen mei sluten beurzen oer nei de gemeente Achtkarspelen.
De klokkestoel mei sealtek is pleat yn 1954.
Yn 1992 joech de gemeente te kennen dat hja it begraafplak privatisearje woe. At it doarp it begraafplak net oernimt dat de konsekwinsje wêze soe om de tariven trijefâldich te ferheegjen. Dêr siet uteraard nimmen op te wachtsje. Op 28 desimber 1992 op in mienskiplike ledegearkomste fan de Begraffenisferiening “Gedenk te sterven” en it Pleatslik Belang fan Twizelerheide waard besletten it begraafplak fan 7670 m2 mei 2 kampkes lân fan 6100 m2 foar yn totaal in bedrach fan 10.000 gûne fan de gemeente Achtkarspelen te keapjen. De Stichting Begraafplaats Twijzelerheide waard oprjochte dy’t it behear op har naam. Sawol de begraffenisferiening as it Pleatslik Belang lienden elkmis sûnder rinte 5000 gûne oan de nije Stichting foar de oankeap fan de gemeente. By de oername stie it Stichtingsbestjoer dúdlik foar eagen om de tariven foar moai wat jierren net te ferheegjen yn tsjinstelling ta de gemeente, dy’t dat wol fan doel wie as de oername net trochgean soe.
Yn 2009 hat de útbreiding fan it begraafplak syn beslach krige en inkelde jierren letter yn 2016 koe ek de urnenmuorre realisearre wurde. Alle ynfestearrings, dy’t troch de jierren hinne dien binne koene út it festjebusje betelle wurde. Nei út en troch fan it jier 2000 ôf in lytse ferheging fan de tariven slagget it om it begraven hjir op’e Heide betelber te hâlden no al wer krapoan 35 jier.
Marten van der Veen, foarsitter
Wijzigingen gegevens rechthebbenden
Voor het doorgeven van nieuwe adresgegevens van rechthebbenden of het melden van het overlijden van een rechthebbende verzoeken wij u het contactformulier in te vullen.